Skip to main content

Muzyk Ynhâld Sjoch ek | Navigaasjemenu

MuzykKeunstKultuerFermaak


definysje fan muzyktoanenmeldijakkoardenharmonydisharmonykomponistlieteskriuwernoatenLudwig van BeethovenMuzikologymuzykteorymuzykhistoarjekeunstfoarmklassike muzykpopmuzykHiphopfolksmuzykJazzBlues












Muzyk




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search


Muzyk yn de brede sin fan it wurd, is in oansprekkend arranzjement fan lûd en stilte. De úteinlike definysje fan muzyk is swier bediskusearre. Wannear't lûd akseptearre wurdt as muzyk, is ôfhinklik fan kultuer en histoarje. Yn it algemien kin steld wurde dat it lûd op syn minst troch ien of mear persoanen bewust organisearre wêze moat.




Ynhâld





  • 1 Basis eleminten


  • 2 It skriuwen fan muzyk


  • 3 It útfieren fan muzyk


  • 4 Muzyk en ûnderwiis


  • 5 Sjenres


  • 6 Sjoch ek




Basis eleminten |


De measte muzyk bestiet út toanen mei in beskate hichte (frekwinsje). Ferskillende toanen efter-in-oar spile, foarmje in meldij., wylst ferskillende toanen dy't tagelyk spile wurde yn akkoarden en harmony of disharmony resultearje. De tempo-gewize organisaasje fan dizze eleminten én stilte is ritme.



It skriuwen fan muzyk |


Muzyk kin foar't it útfierd wurdt, skreaun wurde troch in komponist of lieteskriuwer. Yn sokke gefallen sille de muzikant of muzikanten dy't dat stik letter spylje, oer it generaal de ynstruksjes dy't de komponist, meast yn noaten as blêdmuzyk, oanjûn hat, folgje. In oare mooglikheid is dat de útfierders spyljenderweis in eigen slinger oan it stik jouwe (ynterpretaasje/ymprovisaasje).



It útfieren fan muzyk |


Muzyk kin ta klinken brocht wurde troch ien muzikant, mar ek troch mear as ien dy't meiinoar in groep foarmje lykas in rockgroep of in orkest. De muzyk dy't makke is of wurdt, kin op ferskate wizen beharke wurde: de meast tradisjonele manier is de muzyk direkt, yn it bywêzen fan de muzikanten (live), te beharkjen. It is mooglik dy live-muzyk út te stjoeren fia radio, telefyzje of oer it ynternet, alhoewol't it belibjen fan de muzyk dan ticht by it belústerjen fan fêstleine muzyk komt. Bytiden kin it ôfspyljen fan earder opnommen muzyk (fan oare artysten) ûnderdiel útmeitsje fan in útfiering.
Sels sjonge, fluitsje, in ynstrument bespylje of in muzykstik komponearje binne ek foarmen fan muzyk meitsjen.


Dôve minsken kinne muzyk belibje troch it fielen fan de fibraasje yn harren lichem. In bekend foarbyld is de komponist Ludwig van Beethoven dy't doe't er al folslein dôf wie, noch ferskate as masterstikken erkende komposysjes makke.



Muzyk en ûnderwiis |


Minsken nimme les as se leare wolle om muzyk te meitsjen. Muzikology omfiemet in breed fjild fan histoaryske en wittenskiplike stúdzje oer muzyk, muzykteory en muzykhistoarje ynbegrepen.



Sjenres |


Omdat muzyk in oerâlde keunstfoarm is, is der in ekstreem grut tal muzyksjânres ûntstien. De grutste streamings binne klassike muzyk, populêre muzyk (moderne popmuzyk en Hiphop ynbegrepen) en folksmuzyk. Fierder kinne de Jazz en de Blues neamd wurde.



Sjoch ek |


  • Muzykynstrumint



Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Muzyk&oldid=859447"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.012","walltime":"0.018","ppvisitednodes":"value":38,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":0,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":0,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 0.000 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1247","timestamp":"20190403143551","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":119,"wgHostname":"mw1251"););

Popular posts from this blog

Grendel Contents Story Scholarship Depictions Notes References Navigation menu10.1093/notesj/gjn112Berserkeree

Log in Navigation menu

Invalid response line returned from server: HTTP/2 401 | ErrorPlease Please Help With Error 500 Internal Server Error after upgrading from 1.7 to 1.9Unable to place new customer orders in admin backendMagento - For “Manage Categories” Forbidden You do not have permission to access this documentHTTP ERROR 500 when using require(_once) app/Mage.phpMemcached causing Web Setup Wizard ErrorCould not create an acl object: Invalid XMLAn error occurred on the server. Please try to place the order againInvalid response line returned from server: HTTP/2 200 - message after update to 2.1.7Magento-CE 2.3.0 installation error on XamppMagento 2.2.6- After Migration all default Payment Methods are not working fine